Yn en by de sleat.
Fan de planten dy’t yn en by it wetter groeie, ha ik it al in pear kear hân. It Reid (riet) en de Kalmuswoartel (kalmoes) ha we al ris neamd. Ek de Ielstikel (krabbescheer), de Barchjeblom (gele lis), de Swanneblom (waterlelie) en de Giele plomp (gele plomp) ha al oan bar west. Dat binne allegear frij grutte planten. De Wetterflok (waterpest) is in lyts ûnderwetter plantsje, dit is ek al ris yn fjildpraat besprutsen.
Der binne mear lytse plantsjes yn de sleat. Wy sille in pear besjen.
Duitblêd (kikkerbeet). De rûne blêdsjes binne sa grut as in euro en driuwe op it wetter. De wite blomkes ha trije blêdsjes en stekke boppe it wetter út.
De Wetterbuterblom {waterranonkel). De blomkes binne ek wyt, mar ha fiif blêdsjes. De blêdsjes op it wetter binne 3 - 5 delich de ûnderwetterblêdsjes binne fine triedsjes.
Grutte Fûkjeplant (gewoon blaasjeskruid). Allinne de bloeistâle stekt boppe wetter út. De blêden binne fine triedsjes. Dér sitte hjir en dêr lytse blaaskes oan. Mei dy blaaskes (fûkjes) fange se lytse bistkes út it wetter.
Dan ha we noch de Wetterpinksterblom (waterviolier). Blêden ûnder wetter, se binne hielbot ynsnien. (it liket wol wat op in hierkaam). De blomstâle hat in protte bleek-pearse blommen.
Ek is er it Bearzeblêd (watergentiaan). De stâle krûpt oer de boaiem. De blêden driuwe, dy binne rûn en ynsnien. De giele blommen stekke boppe
wetter út en binne frij grut.
Sa is der yn de maityd hiel wat kleur en fleur yn sleatten en puollen te sjen.
Oeds Hoekstra
Burgum
foto links: de gele plomp, foto's op deze pagina: wikimedia commons.