[website ontwerp] [website maken] [Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o."]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o."]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]
[Vogelwacht "Akkerwoude e.o "]

allerlei

©

opmaak en redactie

website: P.v.d. Galiën

aangesloten bij de BFVW

opgericht: 21 maart 1946

Vogelwacht "Akkerwoude e.o."

Onderstaand stukje werd door Sjoerd Span, destijds een bekend spreker op (vogelwacht)vergaderingen, in 'Fjildpraet' geschreven in 1996 naar aanleiding van het 50 jarig jubileum van vogelwacht "Akkerwoude e.o."

Wâldlju.

Romke hat my frege in stikje te skriuwen yn 'Fjildpraet' oer wâldlju en ik ha Sikke Wiersma wol kinnen, dat sadwaende. Oer wâldlju kin ik koart krieme. Myn ûnderfining, en ik ha in soart yn'e wâlden omslein, behelpsum, gastfrij en sa gemien as de hel. De earste twa aspekten sprekke foar har sels, ik ha sa foar en nei gauris it foarrjocht hân der fan te genietsjen. In fugelwachtjûn earne yn'e wâlden: in prachtjûn, ik sil it nea ferjitte! Healwei trijen, wy sille foartride en der skuort ien fan de bestjoersleden de doar fan myn V.W.tsje iepen en seit: “Jo foarban stiet leech”. Wittende hoe gemien de wâldlju binne, want dat binne se, sei ik, ja mannen wy ha moai efkes sitten mar ik moat healwei fiven melke, it hat no moai west. De wâldman draait it rut fan de auto del en seit: “Span doch my in lol en stek efkes de kop troch it rut” en ja hear de foarban plat! Jim gean mar efkes yn'e waarmte, dan rêde wy der efkes mei….. Sjoch dan binne jo yn'e wâlden.

Tafallich trije wike foartiid yn in lyts doarpke yn'e greidhoeke fan Fryslân, poer min waar, stoarm en sniejeie. It V.W.tsje sloech samar oan mar reagearre net op gasjaan. Jeep Boersma en ik (beide a-technysk) de kap omheech. Trije bestjoersleden der ek by. Doe't wy wer rjochtop stean gienen, wienen de mannen ôfset en der stienen wy tegearre yn waar en wyn! Soks sil je yn'e wâlden net oerkomme. Wâldlju gemien? Oardiel sels! Jiergearkomste B.F.V.W.  Ljouwert: Omfraach, in wâldman: “Foarsitter, kin jo my ek fertelle werom de fûgels hjerstdei nei it suden fleane en maitiids wer werom?”. De wâldmannen kinnende fûn ik it al wol in nuvere fraach, mar hawar ik dy myn best om it dúdlik te meitsjen. Sa tefreden wâldman? Nee, noch net hielendal. Doe Dr. Otto, destiids learaar biology it oan de wâldman útlizze. Sa tefreden wâldman? Nee, net hielendal! Wat is der neffens jo noch mear? Doe sei de wâldman: “omdat rinnen har te fier is”!!!! De seal lei dûbel.

Gearkomste Westerein: Ik hie myn ferhaal dien en doe kamen de fragen. In mantsje mei in skipperspet op en een sjaaltsje om'e hals, noflik weisakjende op syn stoel: “ik krei de yndruk dat ús sprekker wol in fjildman is mar hjir by ús yn'e Westerein is in man dy't oan de Ljip sjen kin of't der in borger of in reade star yn't nêst leit, kin jo dat ek?”. En doe hie ik alle gelok fan'e wrâld, it skeat my samar yn't sin. Ja, dat kin ik ek, mar dan moat ik earst wol by it nêst stean! De seal plofte hast ….. Soks sil jo op dy stife klaai by ús nea oerkomme en dy 'gemienichheid' is in kostlik stikje folkshumor. Jim moatte it yn eare hâlde! Sikke Wiersma, wat bin ik bliid dat ik him kinnen ha. De earste kear op in jiergearkomste yn Ljouwert. hy wie de ienichste dy't in pet ophie en doe't hy by de omfraach stean gie en it wurd frege, waard hjir en der wat gnyske. Dat duorre lykwols net lang, want elts hie al gau troch dat dy man mei de pet immen wie. Fûgelwacht, keatsklub, iisklup, wat wie der warber en hy bleau gewoan Sikke Wiersma mei de pet op. Hurdride, in soart folk” twa Strânljippen fleagen lûdroppende leech oer de lingte fan de baan. Us eagen moeten mekoar, in glimke fleach oer Sikke syn kop. Moai net? Mear wurden hiene wy net nedich! Dat wie Sikke Wiersma.

Sjoerd Span.

Sjoerd Span en Sikke Wiersma zijn voor de vogelwacht belangrijke mensen geweest. Sjoerd was jarenlang voorzitter van de B.F.V.W. en Sikke was medeoprichter van vogelwacht "Akkerwoude e.o.". Tot 1981 penningmeester, later voorzitter van onze wacht.
Sikke Wiersma overleed op 17 januari 1994, Sjoerd Span is op 19 april 2001 overleden.  






foto links: de groenling.








  

aangesloten bij de BFVW

opgericht: 21 maart 1946

Vogelwacht "Akkerwoude e.o."